Fryslân bliid mei pardon

Ein needopfang yn sicht?
Vluchtelingenwerk Fryslân en de Feriening Fryske gemeenten binne bliid dat kabinet en gemeenten it iens binne oer de pardonregeling fan útprosedearre asylsikers.
De regeling hâldt yn dat der 55 miljoen euro op it kleed komt foar húsfesting en ynboargering fan asylsikers dy't ûnder it pardon falle. Yn ruil dêrfoar meie gemeenten dan gjin needopfang mear biede oan minsken dy't bûten de regeling falle.