Gjin minsken Volharding yn WW

28 apr 2007 - 13:03
  • Fakbûn tefreden oer sosjaal akkoart

Gjin inkelde wurknimmer fan skipswerf de Volharding yn Harns komt yn de WW telâne. Dat is de útkomst fan it sosjaal akkoart foar de 60 wurknimmers fan de skipswerf. Eigner Bodewes ferkeapet de werf oan Icon en Intervak.

Foar de measte wurknimmers is in baan by dy bedriuwen fûn. Trije minsken bliuwe yn tsjinst fan de Volharding groep. Fakbûnen en personeel binne tefreden oer it sosjaal akkoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)