Zonderland nei finale op EK

28 apr 2007 - 11:58

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat de finale helle fan de mearkamp en de brêge op it Europeesk Kampioenskip. Yn de Amsterdamse RAI waard er nei seis ûnderdielen fjirtjinde op de mearkamp. Op de flier en de rekstôk makke er wat foutsjes, oars wie er noch heger einige.

Op de brêge einige ery as sânde. Sneon is de mearkampfinale. Snein is de finale fan de brêge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)