GFT-ôffal oanbestege

27 apr 2007 - 17:31

Omrin hat út namme fan de Fryske gemeenten de ferwurking fan hast 70.000 ton griente-, fruit- en túnôffal oanbestege. De opdracht giet nei Orgaworld en giet 2008 yn.

It grutste part fan it ôffal wurdt ferwurke yn Drachten. Der wurdt kompost fan makke. In oar part wurdt yn Lelystêd fergiste ta biogas en omset yn elektrisiteit. Troch it nije kontrakt is der minder transport nedich en dat betsjut minder kosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)