Profronde fan Fryslân

Profronde fan Fryslân is op 27 juny
De organisaasje fan de profronde fan Fryslân hat de finânsjes foar de ronde fan dit jier rûn. Foarhinne stie de koers bekend as de Noard-Nederlân tour, mar de provinsje Grinslân docht net mear mei. No moat Fryslâns Moaiste in tradysje wurde.
Oan de profronde oer 200 kilometer dogge 16 ploegen mei. De tocht sil op 27 juny ferriden wurde. Start en finish binne oan de Grienewei yn Ljouwert.