Sjong foar Fryske pubers

© Omrop Fryslân
Foar it earst wurdt in sjongfestival foar pubers hâlden. Oan Sjong kinne 12 oant 18-jierrigen meidwaan. It wurdt organisearre troch it taalsintrum Frysk fan Cedin en de skoaltelevyzje fan Omrop Fryslân. Dielnimmers meie op besteande muzyk sjonge, mar se moatte wol in tekst yn it Frysk dwaan.
Freed wie in selekje yn de studio's fan de Omrop. Ut 30 dielnimmers binne selektearre. Dy komme yn de finale dy't op 10 maaie hâlden wurdt.