Lêste dei foar CPS Color
It fervefabryk CPS Color yn Snits is freed definityf tichtgien. It bedriuw wurdt ferpleatst nei Sittard. It eardere Flexa-fabryk hat goed in ieu bestien.
Yn 1999 drige al sluting foar it fabryk. Meiwurkers staakten twa wiken en Akzo Nobel seit ta it bedriuw trije jier iepen te hâlden. Yn 2001 waard it fabryk kocht troch it Finske bedriuw CPS Color. Guon ha oar wurk fûn en der is in goed sosjaal plan.