Proef mei heech wetterpeil

© Omrop Fryslân
Op fjouwer plakken is yn Fryslân freed in proef begûn mei heech wetterpeil. Doel is om boaiemdelgong yn de feangebieten tsjin te gean. Boeren moatte deroan meiwurkje, mar dy binne faak benaud dat se mei in heech wetterpeil net gewoan buorkje kinne.
Mei de proef by 12 boeren hoopje wetterskip en provinsje út te finen oft dat echt in probleem is. In pear jier lyn is de proef ek dien, mar dy smiet net genôch resultaat op.