Lintsjerein yn Fryslân

Ploeg is wiis mei it lintsje dat Nijpels him krekt opspjelden hat
138 Friezen ha freed in keninklike ûnderskieding krigen. Dat is wat minder as by de lintsjerein fan ferline jier. Fan de groep binne 127 minsken beneamd ta Lid in de Orde van Oranje Nassau en 11 binne Ridder in de Orde van Oranje Nassau.
By de bekende Friezen is deputearre Jan Ploeg ûnderskieden. Hy is Ridder wurden. Ek toskedokter Duijff fan Harns is riddere fanwegen syn syktocht nei it goud fan de Lutine.