Mear fakânsjehûzen by Twizel

27 apr 2007 - 10:50

It projekt Buitenplaats de Wedze by Twizel krijt mear fakânsjehûzen as pland wie. Der soenen 25 hûzen komme, yn de nijste plannen binne dat 44. It projekt is in inisjatyf fan in ynwenner fan Twizel. Dy wol op eigen grûn rekreaasjehûzen op rûme kavels oanlizze. Der komme ek paden foar kuierders, fytsers en ruters.

De gemeente Achtkarspelen is posityf oer it plan. Wol moat it projekt yn it lânskip fan houtwâlen passe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)