Undersyk fúzje NDC en PCM

© Omrop Fryslân
De grutoandielhâlders fan de útjouwerskonserns NDC/VBK en PCM Uitgevers ûndersykje mooglikheden foar in fúzje. As NDC/VBK, de útjouwer fan de Ljouwerter Krante, fuseart mei PCM ûnstiet de grutste útjouwer fan kranten, wykblêden en boeken.
Grutoandielhâlder fan de NDC/VBK is de stifting Je Maintiendrai Beheer. Dy is posityf oer in fúzje. It ûndersyk kostet fjouer moannen, Dan folget in definityf beslút.