Súkses foar Fryske silers

27 apr 2007 - 09:55

Alle Fryske silers en sylsters dy't meisile yn it Frânske Hyeres, hawwe harren pleatst foar de finales. Yn de Yngling-klasse pleatsten Marije Faber fan Snits en Marije Kampen fan Starum har mei in achtste plak foar de finales.

Ek Brechtsje van der Werf fan Snits en Marjon Kooistra fan Drachten einigen by de earste tsien. Yn de Finn-klasse wûn Pieter-Jan Postma fan Terkaple twa races. Hy makket kâns op in medalje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)