OV chipkaart yn de taksy

© Omrop Fryslân
Yn Eaststellingwerf en Smellingerlân brûke âlderen en handikapten fan 1 maaie ôf de OV Chipkaart as se mei de taksy wolle. Dêrmei binne se de earste yn hiel Nederlân. De OV Chipkaart is foaral bedoeld foar de bus en dêrmei wurde allinnich noch proeven dien.
Offisjeel giet it yn Eaststellingwerf en Smellingerlân ek om in proef en de âlderein en de handikapten hoege net mei de kaart te beteljen. Wol steane der gegevens fan de klanten op.