Fúzje wenningkorporaasjes rûn

© Omrop Fryslân
Trije wenningkoroporaasjes yn Noardeast-Fryslân binne fierhinne rûn mei har fúzje. It giet om de Woningstichting Kollumerland, de Woningstichting Dantumadeel en de Stichting Christelijke Woonmaatschappij Patrimonium.
Troch de fúzje ûntstiet der in bedriuw mei 4.000 hûzen en 40 meiwurkers. Sij kinne allegear har baan hâlde. De nije organisaasje giet 1 augustus los, ûnder de namme "Thús wonen".