Problemen Scharsterrijnbrêge

26 apr 2007 - 20:24

Ferkear op de A6, de Lemmer rjochting de Jouwer moat de kommende wiken rekken hâlde mei opûnthâld. Dat komt omdat de Scharsterrijnbrêge reparearre wurde moat. De rjochterrydstrook is der sa min oan ta, dat Rykswettersteat him ôfslút om de reparaasje te dwaan.

As de reparaasje achter de rêch is, ûndersiket Rykswettersteat hoe't de situaasje ûntstien is. Dan wurdt ek sjoen hoe't it probleem definityf ferholpen wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)