Oarkonde foar oanpaste dôven

26 apr 2007 - 17:56

Dôven kinne mei helpmiddels goed oan it wurk bliuwe, fynt it Frysk Sintrum foar Dôven. De organisaasje hat dêrom in jierlikse priis yn it libben roppen. Dy is bedoeld foar de Fries dy't him of har it bêste oanpast hat oan syn of har dôvens. De priis is ek bedoeld foar minsken dy't min hearre.

Elske Posthuma hat it earste eksimplaar fan de priis krige. Har gehoar waard minder, mar se wurket noch as maatskiplik wurkster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)