Fragen oer maritym sintrum

26 apr 2007 - 16:45

Der is ûndúdlikens oer it nije maritime sintrum op It Amelân. De stichting Amelanner Musea hat de bou op 'e noed. De gemeente jout dêr 2 miljoen euro subsydzje foar. Mar der binne safolle amtlike wurkoeren ynpland dat dêr nochris 200.000 euro boppe-op komt.

Undúdlik is oft dy oeren werombetelle wurde moatte troch de stichting. Bart dat net, dan soe dat ekstra subsydzje wêze, neffens guon riedsfraksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)