Rommy te hôf brocht

It kondoleânseregister foar Rommy Henstra
Sawat twahûndert minsken hawwe tongersdei op 'e begraffenis fan sjonger Rommy west. It giet om famylje, freonen en kunde. Rommy waard yn besletten rûnte te hôf brocht yn syn berteplak Twizelerheide. By it ôfskie waard de muzyk fan Rommy draaid, mei as lêste syn Avé Maria.
By it tsjerkhôf stiene ek guon fans fan 'e sjonger. Rommy ferstoar snein yn 'e âldens fan 57 jier oan 'e gefolgen fan kanker.