Zonderland giet foar finale

26 apr 2007 - 16:18

In finaleplak helje is it doel foar turner Epke Zonderland op it Europeesk Kampioenskip. Epke en syn broer Herre Zonderland dogge dit wykein mei oan it EK turnjen yn de Amsterdamse RAI.

Freed binne de kwalifikaasjes by de manlju. Sneon is dan de mearkampfinale en snein binne de tastelfinales. Epke giet net út fan in medalje, mar in finaleplak moat deryn sitte. Herre is bliid mei in plak by de bêste tweintich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)