Marneflora Dokkum út ein set

Yn 'e Bonifatiuskapel fan Dokkum is de Marneflora út ein set. De blommeshow hat trettjin jier yn it Grinzer Warfum west. De lêste jierren kamen dêr hieltyd minder besikers. Dêrom is it evenemint no foar it earst yn Fryslân.
By de tariedings rûn net alles goed. Der wiene te min blomskikkers. Dêrom moast de ôfrûne dagen ekstra hurd wurke wurde om de kapel oan te klaaien. De blommeútstalling duorret oant en mei Keninginnedei.