Eksperimintele wettersuvering

26 apr 2007 - 14:32

Yn Snits is út ein set mei in eksperimintele wettersuvering dy't de Fryske yndustry in soad jild en banen opsmite moat. Kommissaris fan 'e Keningin Nijpels hat as nije foarsitter fan de Fryske Wetteralliânsje de ynstallaasje iepene.

De wetteralliânsje is in gearwurking fan bedriuwen, skoallen en oerheden. De proef is yn 'e wyk Duinterpen. Der dogge 200 wenten oan mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)