It Bilt aldergoedkeapste huzen

© Omrop Fryslân
De goedkeapste huzen fan Nederlân stean op It_Bilt. Dat docht bliken út ûndersyk troch de ynternetside Dimo.nl en út sifers fan it Kadaster. In hûs yn de gemeente It_Bilt kostet neffens harren yn trochsneed 126.000 euro.
It ferskil mei de djoerste gemeente fan Nederlân is grut. Yn de gemeente Bloemendaal moat yn trochsneed 730.000 delteld wurde foar in wente.