Teloarsteld yn Skarsterlân

26 apr 2007 - 13:17

Undersyksburo Noordpeil is teloarsteld no't de gemeente Skarsterlân it projekt De Put van Nederhorst opseit. Noordpeil moast yn opdracht fan in projektûntwikkelder ûndersykje oft it mooglik is dat der in rekreaasjegebiet komt tusken Langwar en de A7.

De ûntwikkelder woe dêr in lúkse hotel en in sûnenssintrum delsette. Mar ûndernimmers yn Langwar en natuerbeskermers sjogge dêr neat yn. De gemeente set it plan op in sêft sin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)