Monstertux wint Music Award

26 apr 2007 - 10:44
  • Monstertux yn harren fideoklip

De Fryske band Monstertux hat de Dommelsch Independent Music Award 2007 wûn. Dat waard woansdei yn Amsterdam bekendmakke. De band krige goed ientredde fan de publyksstimmen en dat wie genôch foar de einoerwinning.

De oerwinning betsjut dat Monstertux op toernee mei, sân simmerfestivals by del. Letter dit jier mei de Fryske band ek spylje op tweintich ferskate Nederlânske poppoadia.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)