Manlju stelle kosmetika

26 apr 2007 - 10:32

Twa manlju út 'e Noardeastpolder binne oppakt foar it stellen fan kosmetika yn Easterwâlde. In tsjûge seach harren dwaande yn in winkel oan 'e Brink. De manlju sprongen dêrop yn in auto en naaiden hurd út.

Mei help fan in bewakingskamera koe de plysje de manlju achterhelje. Yn harren wente en yn 'e auto waard it stellen guod weromfûn. Beide manlju wurde fertocht fan mear stellerijen út winkels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)