Bliid mei tasizzing útdjipjen

© Omrop Fryslân
It gemeentebestjoer fan It_Amelân is bliid mei de tasizzing fan steatsiktaris Huizinga oer it farwetter nei it eilân. Sy sei dat dy foar 1 maaie útdjippe is. De boat nei it eilân sit wol gauris oan 'e grûn. Dat soarget foar in soad fertraging.
Der wurdt op it stuit al sân sûgd, mar boargemaster De Hoop freget him ôf oft it wurk op 1 maaie ek echt klear is. Is dat net sa is, dan tekent er protest oan by de minister.