Wurk Quadrivium kin trochgean

© Omrop Fryslân
It wurk oan in nij winkel- en wenkompleks op 'e Gordyk kin wer trochgean. Op 1 maart wiene de aktiviteiten stillein omdat de bouput yn 'e Haadstrjitte drige te fersakjen.
Ut ûndersyk docht no bliken dat de fersakking minimaal is. It grûnwetter is de oarsaak en dat wurdt no fuortpompt. De oannimmer sil de saak goed yn de gaten hâlde. It winkel-wenkompleks krijt de namme Quadrivium.