Helte skoallen net goed

© Omrop Fryslân
De iepenbiere legere skoallen fan Skarsterlân krije trije jier de tiid om it ûnderwiis yn de gemeente te ferbetterjen. 7 fan de 14 skoallen skoarden yn 2006 ûnder de mjitte. De ynspeksje kaam mei in warskôging.
As der gjin ferbettering komt, kinne der skoallen sletten wurde. De kwaliteit fan de ûnderwizers en bestjoerders moat ferbetterje en der moat jild bestege wurde oan it taalûnderwiis.