Minister: Gjin risiko mei gas

De grûn ûnder it Waad sakket net mear as tocht, seit minister Van der Hoeven
De gaswinning ûnder de Waadsee fan de NAM, kin gewoan trochgean. Dat hat CDA minister Maria van der Hoeven sein. Se reagearret dêrmei op in rapport fan in eardere NAM-yngenieur.
Dy seit dat de grûn yn de Waadsee wolris folle flugger fersakje kin as at troch de NAM foarsein wurdt. Ek de diken en de grûn der achter soene fersakje kinne. Van der Hoeven seit lykwols dat der gjin risiko is. De Twadde Keamer hat fragen steld.