Soad folk by betinking Rommy

Folkssjonger Rommy Henstra wurdt troch fans en kollega's 'de Fryske André Hazes' neamd.
De betinking fan de ferstoarne sjonger Rommy Henstra, woansdeitejûn yn it Cambuurstadion yn Ljouwert, hat sawat 3000 minsken lutsen. De doarren fan it stadion gongen earder iepen as pland, omdat der al safolle minsken stiene.
Minsken koene it kondoleanseregister tekenje. Op it fêste sitplak fan Rommy stie in blomstik. Yn it stadion waard muzyk fan Rommy draaid. Oan de ein waarden fakkels oanstutsen. De famylje is tankber foar alle reaksjes.