Domper foar Vroeger op stap

25 apr 2007 - 17:22

In tsjinslach foar de aksjefierende memmen fan Vroeger op stap, it plan om kroegen en diskoteken earder slute te litten. Om har plan by de provinsje op de aginda te krijen moatte se 1500 hantekens op papier ynleverje.

De ynisjatiefnimmers út Siegerswâld hiene hantekens fan har website brûkt, mar dy binne net rjochtsjildich. Om de aksje op de aginda fan provinsjale steaten te krijen, moatte foar 9 maaie 1500 papieren hantekens sammele wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)