By earmoed bril fan gemeente

25 apr 2007 - 14:58

Minsken dy't rûnkomme moatte fan it minimum moatte earder nei de gemeente komme foar finansjele stipe. Dat fynt wethâlder Hemmes fan de gemeente Skarsterlân.

Mei posters en folders ropt de gemeente minima op by de gemeente help te freegjen, as in bril of nije klean ûnbetelber binne. Tsjerken, sportclubs en soarchynstellingen helpe mei de minima te berikken. Skarsterlân lûkt 200.000 euro út foar it projekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)