IIshal net brânfeilich
De iishal yn Ljouwert kin dizze simmer net brûkt wurde foar ekstra aktiviteiten. De brânwacht hat sein dat net oan alle feiligheidseasken foldien wurde kin. Foar de iishal is dat hiel ferfelend, omdat de hal krekt wat út de reade sifers wie.
No binne der nije ynfestearrings nedich, wylst der minder jild binnenkomt. De saak kaam oan it ljocht by in kontrôle.