Folle mear wurk yn Fryslân
Der binne it ôfrûne jier goed 2500 banen bykommen yn Fryslân. De sûnenssoarch is mei mear as 700 banen de grutste stiger. Dat docht bliken út sifers fan it wurkgelegenheidsregister Fryslân.
It CWI konkludearde earder al dat it tal wurkleazen ôfnimt en tiisdei waard bekend dat minder Friezen in bystânsútkearing oanfreegje. Dêrmei rint Fryslân hieltyd mear gelyk op mei de Rânestêd.