Fjochtsjende froulju oppakt

© Omrop Fryslân
Yn it sintrum fan it Hearrenfean hat de plysje tiisdei twa oanhâlden dy't belutsen wiene by in fjochtpartij. De 20-jierrige froulju út it Hearrenfean en Wolvegea, fytsten oan de ferkearde kant fan de dyk en botsten op in oare fytser, dy 't in frou achterop hie.
Se krigen spul en in fjochtpartij wie it gefolch. De plysje hie der in soad wurk fan de froulju yn bedwang te krijen. Ek in omstânner dy't in plysjeman sloech is oanhâlden.