Skynoanfal op fleanbasis
Foar in fleaneksamen ha woansdeitemoarn trije Dútske straaljagers in oanfal dien op de fleanbasis Ljouwert. Troch de oefening kin der de hiele dei mear oerlêst wêze as oars.
De Dútske Tornado-fleaners oefenje it ôfslaan fan in oanfal op in fleanbasis. Der wurdt flein op in hichte fan 1500 meter, boppe de basis sels wurdt leger flein.