Mbo-eksamens net skrast

25 apr 2007 - 11:11

De 10 opliedingen fan it Friesland College dy't sa min beoardield binne dat de eksamenlisinsjes ynlutsen binne, besteane net mear.

Steatssiktaris Bijsterveld hat 85 mbo-opliedingen ferbean noch eksamens ôf te nimmen, omdat de kwaliteit ûnder de maat is. It Friesland College seit dat gjin fan de 10 opliedingen dy't net goed genôch binne, noch yn dyselde foarm bestiet. Alle mbo'ers kinne dêrom gewoan eksamen dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)