Fryskpraten thús giet efterút

25 apr 2007 - 08:18

De jongere generaasjes Friezen prate minder faak Frysk tsjin de partner en tsjin de bern. Dat is ien fan de opfallende útkomsten fan de jongste taaltelling fan de provinsje. Yn 1980 waard noch tsjin 58% fan 'e bern Frysk praat; no is dat 48%.

Ien fan 'e oarsaken is de taname fan it tal Friezen mei in net-Frysktalige partner. 75 % fan dy stellen praat Nederlânsk ûnderinoar, 68 % fan dy stellen praat Nederlânsk tsjin de bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)