Teater yn tsjerke Snits

25 apr 2007 - 06:48

De gemeente Snits hat tiisdei ynstimd mei de oankeap fan de Noardertsjerke oan de Westersingel. Hjir moat in lyts teater mei 180 stuollen komme foar it nije sintrum fan de keunst. It teater moat foarút rinne op it grutte teater dat skylk yn it postkantoar komt.

Snits betellet likernôch 7 ton foar de oankeap. De projektûntwikkelder makket hjir gjin winst op, in eask fan de ried om de tsjerke oer te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)