Bommelding by autoferhierder

24 apr 2007 - 23:26

In bommelding by in autoferhierbedriuw oan de Drachtsterwei yn Ljouwert hat tiisdeitejûn foar in soad ferkearsoerlêst soarge. De melding dat der by Autolok in bom ûntploffe soe, kaam even nei njoggenen binnen.

De trochgeande dyk waard ôfsletten en in sportskoalle moast evakuerre wurde. Mei 20 plysjeminsken binne it bedriuw en de omjouwing trochsocht, mar der is neat fertochts fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)