Keamer easket útlis Waadgas

24 apr 2007 - 23:03

De Twadde Keamer is alarmearre oer de ekstra boaiemdelgong dy't de gaswinning yn de Waadsee feroarsaakje kin. Alle fraksjes freegje it kabinet om opheldering oer it rapport fan de eardere NAM-ingenieur Houtenbos, wêr yn warskôge wurdt foar de winning fan waadgas.

It regear krijt twa dagen de tiid krigen foar in reaksje op it rapport Houtenbos. In spoeddebat soe al tongersdei hâlden wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)