Maatregels tsjin wetterkrapte

24 apr 2007 - 22:12

Wetterskip Fryslân slacht wetter út it Iselmar op om wetterkrapte tsjin te gean. It KNMI meldt dat it noch net earder sa lang sa droech west hat.

Omdat de kommende tiid net in soad reinwetter ferwachte wurdt en troch de rivieren net in soad wetter oanfierd wurdt nei de Iselmar, wurdt safolle mooglik wetter opslein yn de boezem. Rykswettersteat bringt dêrom ek it peil fan de Iselmar omheech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)