Age Hains Boersma mei fuort

24 apr 2007 - 18:09

Age_Hains_Boersma mei fuort by Sportclub Hearrenfean. Hy kin omsjen nei in oare club. Boersma hat noch wol in kontrakt fan in jier.

De iennige Fries yn de seleksje fan SC Hearrenfean kaam ôfrûne simmer oer fan haadklasser Snits. Hy foel dit seizoen ien kear yn by it earste alvetal. Dat wie yn de wedstriid tsjin Roda JC. Foar it belofteteam spile Boersma yn 22 wedstriden en makke er fiif kear in doelpunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)