'Utstap Fryskerbuske dreech'

24 apr 2007 - 16:44
  • Drompels soene ek wolris dreech oer te kommen wêze

De nije Fryskerbuskes fan Connexxion jouwe mooglik problemen by bushaltes. Dat die tiisdei yn Ljouwert bliken by de presintaasje oan it personiel.

De buskes binne folle lytser as in gewoane bus en in stik leger. Dêrtroch soene guon minsken problemen krije kinne by it yn- en útstappen. Drompels soene neffens guon personielsleden ek in gefaar opleverje kinne. De buskes binne allegearre ôfkard fanwege de remmen. Dêr wurdt no oan wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)