Hendrikkade Snits letter klear

24 apr 2007 - 16:13

De herynrjochting fan de Prins Hendrikkade yn Snits duorret folle langer as pland. De trochgeande rûte troch de binnenstêd soe foar de boufak klear wêze moatte. Mar no binne der oaljetanks yn 'e grûn fûn, dy 't opromme wurde moasten.

De earste beide fazes wurde foar de simmer ôfmakke. It lêste stik nei de Wide Noarderhorne wurdt nei de simmerdrokte oanpakt. De kosten fan 'e fertraging binne noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)