Tsjerke Mildaam restaurearre

24 apr 2007 - 15:49

Mei it pleatsen fan it hoantsje op it dak fan it âlde tsjerkje fan Mildaam is de renovaasje offisjeel klear. De tsjerke moast nedich opknapt wurde, oars koe er wolris ynstoarte.

De stifting it Alde Tsjerkje fan Mildaam hat mei help fan it doarp en fûnsen 90.000 by-inoar helle. Sa koene minsken bygelyks in dakpanne sponsorjen. Ein ferline jier is de de restauraasje út ein set. Yn 'e tsjerke wurde eksposysjes hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)