'Oscar' foar Sven Kramer

24 apr 2007 - 15:10

Sven_Kramer hat de reedryd-'Oscar' krige. De Oscar_Mathisen_Trofee is in priis dy't alle jierren oerlange wurdt nei oanlieding fan in spesjale prestaasje. Kramer krijt de priis foar it wrâldrekord en de wrâldtitel op de 10.000 meter dy't er helle hat yn Salt Lake City.

Kramer is de tsiende Nederlânner dy't de priis krijt. Nei Falco Zandstra en Rintje Ritsma is Kramer de tredde Fries dy't de 'Oscar' krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)