'Oanfal' op fleanbasis

© Omrop Fryslân
De fleanbasis yn Ljouwert wurdt woansdeitemoarn twa kear 'oanfallen' troch Dútske jachtfleantugen. It giet om in oefening fan 'e fleanbasis Volkel. Doel dêrfan is dat de piloaten traind wurde op it foarkommen fan de oanfal.
De oefening is ûnderdiel fan it NAVO-eksamen dat de basis ôflizze moat. De oefening wurdt hâlden op oardel kilometer hichte. Allinnich boppe de basis sels sil leechflein wurde.