Feyenoord warskôget supporters

Feyenoordsupporters warskôge foar wedstriid SC Hearrenfean
Feyenoord ropt de eigen supporters op net sûnder kaartsje ôf te reizgjen nei It_Hearrenfean. Neffens de Rotterdamske klub jildt dit wykein in needferoardening op It_Hearrenfean. De gemeente kin dat lykwols net befestigje.
As der in needferoardening komt, kinne Feyenoorders dy't harren misdrage hurder oanpakt wurde. Binne se net yn it besit fan in jildich kaartsje, kinne se de gemeente útset wurde.