Personiel Moffet ferslein

© Omrop Fryslân
It persoaniel by Moffet, it eardere Kooi-Aap, yn Aldeleie is ferslein dat de direksje de produksje fan lytse heftrucks ferpleatse wol nei de festiging yn Ierlân. Foar fyftich fan de tachtich wurknimmers is yn de takomst gjin wurk mear.
In grut diel fan it persoaniel is moandeitemoarn nei't it nijs bekend waard nei hûs gien. Moandeitemiddei waarden de wurknimmers ynformearre troch it fakbûn.